Fryske fesper

Op de fjirde snein fan de moanne is der in Fryske fespertsjinst yn de Waalske Tsjerke fan Ljouwert. In fesper is in jûnsgebed en in dei-ôfsluting: yn tankberens sjogge wy werom op it goede dat de dei ús brocht hat. Yn fertrouwen geane wy de nacht yn, mei hope op in nije dei mei it eigen ljocht en eigen taken. Dizze fesperfiering bestiet út in oantal fêste ûnderdielen: in psalmgebed en oare gebeden, in koarte meditaasje foarôfgeande oan de bibellêzing, in gedicht, in muzikale bijdrage op it oargel, fluit of klarinet of oar instrumint, solosjongen of koarsang. Der is omtinken foar in meditatyf momint. Wy sjonge mei elkoar ûnder oargelbegelieding fan ús feste oargelist Theo Jellema.

Dizze fespertsjinsten falle ûnder de ferantwurdelikheid fan de Ried fan Tsjerken fan Ljouwert. De foargongers en meiwurkers komme út ferskate plakken yn Fryslân.

Eltsenien fan herten útnoege om dizze fiering by te wenjen.    

Op snein 25 novimber om 19.00 oere is de foargonger dûmny Adri Terlouw.
Muzyk: Theo Jellema (oargel) en Meindert Reitsma (eufonium)

Lêzingen: Martha-de Boer van Slooten

De folgjende fespers binne op

Data: snein 25 novimber, 27 jannewaris, 24 febrewaris, 24 maart, 28 april, 26 maaie en 23 juny.