Fryske Fesper diskear yn de Grutte Tsjerke

As wurkgroep Fryske fespers binne wy hiel bliid dat wy op snein 27 septimber o.s. de jûns om 19.00 oere wer in Fryske fesper hâlde kinne. Nei in heal jier stilte fanwegen de koroana en nei in digitale fiering as ôfsluting fan it fesperjier op 28 juny l.l. kinne wy elkoar no wer yn de eagen sjen.

Dat is diskear net yn de ús sa fertroude Waalske tsjerke, mar yn de Grutte of Jacobiner tsjerke, in pear stappen fierder. Dat is om't wy dêr de koroana-regels better tapasse kinne. It is wol saak om jim fantefoaren even oan te melden op it mailadres fryskefesper@gmail.com of telefoanysk op it nûmer 06-51334778.

Foargonger yn dizze fiering is ds. Ulbe Tjallingii wylst Gerwin Hoekstra, oargelist, en Kwintet Fokaal de muzikale kant foar har rekken nimme. Jant van der Weg-Laverman fersoarget de  foardracht.
De fesperfiering is ek te folgjen via de Kerkomroep fan de Grote Kerk.
 
Wy sjogge der nei út jim begroetsje te kinnen op 27 septimber!
Op de flyer fine jim de gegevens, ek foar de folgjende fieringen.

Datum: sein 27 septimber
Tiid: 19.00 oere.
Graach opjefte fia: fryskefesper@gmail.com of 0651334778