Fryske fespertsjinst yn de Waalske Tsjerke

Al in oantal jierren is der op de fjirde snein fan de moanne in Fryske fespertsjinst yn de Waalske Tsjerke fan Ljouwert. Dizze fespertsjinsten falle ûnder de ferantwurdelikheid fan de Ried fan Tsjerken fan Ljouwert. De foargongers en meiwurkers komme út ferskate plakken yn  Fryslân.

It biedt plak oan minsken dy't graach ris in kear it eigene fan de Fryske (memme)taal as totaalgehiel belibje wolle yn gebed, lieten en  lêzingen. Dizze fesperfiering is dan in moaie gelegenheid om al it liturgysk materiaal dat de lêste jierren makke is foar de fryske earetsjinst no ek ris te brûken. Dat wurdt eins fiersten te min dien yn de reguliere tsjinsten.

De fêste ûnderdielen fan de fieringen binne in psalmengebed en oare gebeden, in koarte oertinking foarôfgeande oan de bibellêzing, in meditatyf momint, in gedicht, in muzikale bijdrage op it oargel of in oar instrumint of solo- of koarsang. Fan herten wolkom.

Data: snein 22 septimber, 27 oktober, 24 novimber, 26 jannearis, 23 febrewaris, 22 maart, 26 april, 24 maaie, 28 juny en 26 july.
Tiid: 19.00 oere
Plak: Waalske Tsjerke, Grote Kerkstraat 222.