Gjin Fryske Fesper op 24 jannewaris

It is spitich, mar wy binne noch net ferlost fan de koroana. Dat betsjut dat diskear de moannelikse fesperfiering net trochgean kin. Wy hiene al in pear kear ûnderdak krigen yn de Grutte Tsjerke. Dat hat ús hiel goed foldien en mei in opkomst fan tritich persoanen wie dat gjin inkel probleem. Dat wy net sjonge mochten waard hiel goed oplost troch in tal betûfte sjongers. Fan hegerhân is besletten om gjin  tsjerkegongers mear ta te litten. It is  no te beswierlik om dizze fiering út te stjoeren mei de gebrûklike digitale mooglikheden. Dêrom hawwe wy besletten om de fesperfiering fan 24 jannewaris ferfalle te litten.
Wy hoopje allegearre op bettere tiden, sûnder dit soart beheinigs, sadat de fiering fan 28 febrewaris wol wer trochgean kin.