Fryske Fesper yn de Grutte Tsjerke
Sneintejûn 25 jannewaris is der wer in Fryske Fesperfiering yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. De foargonger is dûmny Adri Terlouw. Klaske Straatsma fersoarget de psalmlêzing en de foardracht. De muzikale bijdrage komt diskear, neist de begelieding fan de gemeentesang troch ús fêste oargelist Peter van der Zwaag, fan Elske Roorda - Posthuma op de klarinet.
De fiering is te folgjen fia de webside fan de Grutte Tsjerke: www.jacobijner.nl. Dat kin ek op in oare tiid. De oarder fan tsjinst kin opfrege wurde by fryskefesper@gmail.com.
Wa’t in bijdrage jaan wol foar de ekstra kosten fan dizze ‘livestream’ kin dit oermeitsje nei it rekkennûmer: NL29INGB 0004 3194 90 fan Stichting Krúspunt, mei fermelding fan: ‘Fryske Fesper’.
Wy winskje mekoar wer in goede fiering ta, eltsenien fan herten wolkom.
De earstfolgjende fesper sil wêze op 22 febrewaris.
Snein: 25 jannewaris om 19.00 oere.
Foargonger: dûmny Adri Terlouw
Muzyk: Peter van der Zwaag, oargel
Elske Roorda-Posthuma
Lêzingen/foardracht: Klaske Straatsma
online: www.jacobijner.nl
liturgy opfreegje by: fryskefesper@gmail.com
