Musical Jona yn de Meniste tsjerke Ljouwert

Yn 2008 waard it sjongspul Jona (makke troch Anke Marije Dam) mei lietteksten fan Folkert Verbeek, sprekteksten fan Jeltsje Gerbrandy en muzyk fan Hindrik van der Meer yn talrike tsjerken yn Fryslân útfierd troch it doe krekt troch Hindrik oprjochte Kwartettekoar. Hindrik hat lange jierren tige warber west foar it tsjerkeliet yn Fryslân.
De prachtige lietteksten fan Folkert Verbeek en de faak humoristyske teksten fan ‘frou Jona’ jouwe op in humoristyske en befrijende wize in byld fan in God dy ’t it opnimt foar minsken dy ’t ynsjogge dat it sa net langer kin. En net langer rinne wolle op it paad fan ‘Sa hat it altyd west’ sa ’t de diktators en harren folgelingen it yn ‘e holle ha. De God yn dit ferhaal is barmhertich en sparret de ferdoarne stêd Ninevee. De kening fan Ninevee ropt: ‘It moat oars’. En it wurdt oars.
Wat: Musical Jona
Wêr: Meniste tsjerke yn Ljouwert, Wurdumerdyk 18
Wannear: snein 26 oktober om 15.00 ûre
Foar wa: eltsenien is wolkom
Tagong: fergees