Fryske Fespertsjinst

Nei de simmerstop sette wy wer útein mei de Fryske fesperfierings yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert op snein 24 septimber. De foargonger is dûmny A.H. Boschma, predikant fan de Oase. Peter van der Zwaag is de oargelist. It Huzumer Kwartet sil foar en mei ús sjonge en Sytske Eringa sil de lêzingen op har nimme.
Wy sjogge der nei út mekoar wer te moetsjen yn dizze oere fan liet en wurd en gebed en romte foar besinning. Foar wa‘t net komme kin is der de mooglikheid om fia de webside fan de Grutte Tsjerke de fiering by te wenjen, ek op in letter tiidstip: www.jacobijner.nl.
Sa’n digitale útstjoering is fansels net om ‘e nocht. En dêrom binne wy bliid mei in finansjele bijdrage foar de kosten. It bankrekkennûmer is NL29INGB 0004 3194 90 fan Stichting Krúspunt, mei fermelding fan ‘Fryske Fesper’. De liturgy kin opfrege wurde by: fryskefesper@gmail.com.
De folgjende fesper sil wêze snein 22 oktober. Mar earst noch tige fan herten wolkom 24 septimber.
Datum: snein 24 septimber
Tiid: 19.00 oere.
Foargonger: dûmny A.H.Boschma fan de Oase
Lokaasje: Grutte Tsjerke
online: www.jacobijner.nl
liturgy opfreegje by: fryskefesper@gmail.com